ChristenUnie wol sneltsjinst tusken Dokkum en Drachten

12 aug 2016 - 16:42
  • De Sintrale as

De ChristenUnie yn Fryslân wol dat der in rappe busferbining komt tusken Drachten en Dokkum, fia de nije Sintrale As. It trochlûken fan de healoeretsjinst tusken Dokkum en Burgum nei Drachten is neffens de steatefraksje net genôch. De ChristenUnie fynt dat der iepenbier ferfier komme moat dat konkurrearje kin mei de auto. As de bus troch meardere doarpen moat, dan kin dat net, sa seit de fraksje.

Mei de auto bin je yn tweintich minuten fan Dokkum yn Drachten. De bus docht dêr no al 38 minuten oer, as er dan troch moat nei Drachten, wurdt it mei-inoar wol in oere. De provinsje is der net wis fan oft in rappe busferbining tusken Dokkum en Drachten wol genôch reizgers lûke sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)