Dokkumer skûtsje hyst de flagge foar Sionsberg

12 aug 2016 - 16:30
  • De doop fan it skûtsje Stêd Dockum

In bysûndere publyksaksje sneon by de start fan it IFKS yn Hylpen. It Dokkumer skûtsje hyst dan de flagge fan sikehûs Sionsberg yn de top. De bemanning fan it skûtsje docht dit as steunbetsjûging oan it Dokkumer sikehûs, dat yn konflikt is mei soarchfersekerder De Friesland. It skûtsje sil foarôfgeand en nei ôfrin fan alle wedstriden fan it IFKS de flagge sjen litte.

Flagge

Peter Lalkens, finansjeel direkteur fan Sionsberg, sil de flagge sneon om twa oere yn de top fan it skûtsje hise, yn oanwêzichheid fan de bemanning, bestjoersleden fan stichting dy't it skûtsje beheart en leden fan Red de Sionsberg.

Dokkum

Ek yn Dokkum sil der sneon in publyksaksje plakfine. Yn it Grootdiep foar it gemeentehûs wurdt in selde flagge yn it skûtsje 'De Noarderling' hyst, dat dêr yn it wetter leit. Dit bart yn oanwêzichheid fan wethâlder Braaksma, riedsleden fan de gemeente Dongeradiel en leden fan stifting Red de Sionsberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)