Van der Veen wint yn Kimswert

05 maaie 2012 - 17:57

De earste frije formaasjepartij yn Kimswert is sneon wûn troch it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn de finale waard oertsjûgjend mei 5-2 en 6-4 wûn fan Lisette Wagenaar, Feikje Bouwhuis en Renske Terwisscha van Scheltinga. De lytse premy gong nei Ilse Noorman, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)