Skûtsje fan Grou wint lêste wedstriiddei fan de SKS

12 aug 2016 - 16:18

De lêste wedstriid fan it SKS skûtsjesilen is freedtemiddei wûn troch it skûtsje fan Grou. Op it wetter by Snits kaam it skûtsje fan skipper Douwe Azn. Visser as earste oer de einstreek. It skip fan De Jouwer, mei skipper Dirk Jan Reijenga einige as twadde.

It tredde plak wie foar Snits, de winner fan it SKS kampioenskip dit jier. It skûtsje fan skipper Douwe Jzn. Visser hie tongersdei it kampioenskip al feilich steld.

Skipper Douwe Visser fan it skûtsje fan Grou wie bliid mei de winst. ''Elke dei sikest wer in missy. De tredde plak yn it einklassemint wie it heechst wat wy hjoed berikke koenen. Dy plak hawwe wy mei de winst no feilich steld'', sa seit de skipper. ''Wy hienen in superstart, dat hawwe wy de lêste tiid wolris faker. Alles gie hjoed gewoan goed.''

De folsleine útslach fan freed:

1. Grou
2. De Jouwer
3. Snits
4. De Lemmer
5. Earnewâld
6. Akkrum
7. Langwar
8. De Súdwesthoeke
9. Wâldsein
10. Drachten
11. D'Halve Maen
12. It Hearrenfean
13. Ljouwert
14. Huzum

It einklassemint SKS 2016 (mei ôftrek minste resultaat):

1. Snits 27.6
2. Earnewâld 38.7
3. Grou 44.8
4. De Lemmer 46
5. Drachten 58.9
6. Akkrum 59.7
7. De Jouwer 65
8. De Súdwesthoeke 71
9. Langwar 72.9
10. D'Halve Maen 87
11. It Hearrenfean 95
12. Ljouwert 95
13. Wâldsein 102
14. Huzum 114

Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)