Drachtster frou rekket ferwûne by bomoanslach yn Tailân

12 aug 2016 - 15:26

By de bomoanslach yn Tailân is tongersdei de 18-jierrige Michelle Vriesema út Drachten licht ferwûne rekke. De Drachtster krige trije bomskerven yn har skonk. Neffens har heit giet it nei omstannichheden goed mei Michelle. Se wie allinnich op reis yn Tailân. Nei in fakânsje fan fiif wiken, soe se sneontejûn werom nei Nederlân komme. It Ministearje fan Bûtenlânske Saken hat freedtemiddei it reisadvys foar Tailân oanskerpe. Der binne neffens it ministearje feilichheidsrisiko's yn it hiele lân.

Ferskriklik

"Het is verschrikkelijk wat haar is overkomen", seit heit Gerrit Vriesema. Tongersdeitenacht waard er belle troch syn dochter Michelle. "Zolang ze me pijnstillers geven gaat het prima,'' sa meldt Michelle fia Whatsapp. "Er wordt goed voor me gezorgd. Ik mag niet klagen als ik naar de anderen kijk.''

Goed weikaam

Neffens heit Gerrit Vriesema is syn dochter noch goed weikaam by de oanslach. "Michelle heeft ontzettend veel geluk gehad. De aanslag is gepleegd met een soort clusterbom, waar blijkbaar allemaal kogels in zaten. Die zijn beland in haar voet, scheenbeen en net onder haar knie. Vooral op die laatste plek zat een groot gat. De kogels zijn operatief verwijderd en nu gaat het gelukkig beter. Dit had veel erger kunnen aflopen."

Doe't de bom ûntplofte, wie Michelle op paad mei in 23-jierrige Nederlânske reisgenoate dy't se yn Tailân moete hie. Dizze frou rekke swierferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)