Fryske winkels fan MS Mode binne ticht

De fjouwer Fryske winkels fan MS Mode binne sûnt freed ticht. Dat is it gefolch fan it fallisemint dat tongersdei útsprutsen waard. De ynset wie om de winkels foarearst noch iepen te hâlden, mar ûnderhannelings mei de bank dêroer binne op neat útrûn.
It tichtgean fan de winkels makket in trochstart ek dreger, it bedriuw is no minder oantreklik foar in nije eigener. MS Mode hat meielkoar 130 winkels yn Nederlân mei sa'n 660 personielsleden. De Fryske winkels sitte yn Ljouwert, Drachten, Snits en op It Hearrenfean.