Grut ûnderhâld Tsjommerbosk set lang om let útein

12 aug 2016 - 13:04

Yn Tsjom is úteinset mei it grut ûnderhâld fan it Tsjommerbosk. Al tweintich jier is der neat dien oan it bosk en dêrom moat de skea no ynhelle wurde. Dat seit Niek Witteveen fan Stichting Bosbeheer Fryslân.

As de hege popelieren yn it bosk net gau úttinne wurde, dan stoart neffens him oer in pear jier it hiele bosk yninoar. Om dat foar te kommen, komt de stichting no yn aksje. Neffens Witteveen is der al dy jierren gjin jild foar it bosk beskikber steld, wêrtroch it no wol in hiel grutte en djoere put wurdt.

De wurksumheden oan it bosk duorje sa'n fjouwer wiken. Oant dy tiid kinne bewenners fan it Tsjom en besikers it bosk net yn fanwegen de feiligens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)