Negatyf swimadvys foar De Leien by De Rottefalle

12 aug 2016 - 12:29
  • De Leien

Der is in negatyf swimadvys ynsteld foar it swimplak by De Leien by De Rottefalle. Der soene te folle baktearjes yn it wetter sitte, dy't ûnder oare yn fûgelpoep sitte. De kâns op sûnensklachten fanwege it fersmoarge wetter is neffens de provinsjale kontrôletsjinst FUMO te grut. By it swimplak binne oranje buorden delset om besikers te warskôgjen.

Ut ûndersyk fan it Wetterskip docht bliken dat der faker problemen binne, net allinnich fan fûgelpoep mar ek troch poep fan oare bisten en minsken. Om it probleem oan te pakken soe it oantal fûgels yn it gebiet werombrocht wurde moatte, bygelyks troch yn oare gebieten sliepplakken te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)