Hynstefokkerij Wiepke van de Lageweg krijt gruttere stâl

Wiepke Van de Lageweg sil syn wrâldferneamde stâl VDL Stud yn Bears útwreidzje. It bedriuw is in grutte spiler op de Europeeske merk. Tophynders as Indoctro, Nimmerdor en Jus de Pomme makken it bedriuw grut. Dit jier is it hynder Zirocco Blue al it fiifde hynder fan de famylje dat nei de Olympyske Spelen giet. It is dêrom heech tiid foar in wat gruttere stâl, sa seit Van de Lageweg.
Fjirtich jier ferlyn kocht Wiepke van de Lageweg syn earste hynder foar de fokkerij. Nei de útwreiding telt it famyljebedriuw sa'n njoggenhûndert hynders.