Oprop foar petear oer takomst Sionsberg yn Dokkum

12 aug 2016 - 11:31

Soarchfersekerder De Friesland, de eigeners fan sikehûs Sionsberg en de húsdokters moatte mei mekoar om tafel om foar 1 jannewaris kommend jier mei in nij, betelber plan foar Sionsberg 2.0 te kommen. Dy mienskiplike oprop dogge Soarchbelang Fryslân en de gemeente Dongeradiel yn in iepen brief.

Neffens soarchbelang is dúdlik wurden dat der nei de Sionsbergdei fan ferline jier, alderhande plannen presintearre binne, sûnder dat dúdlik wurden is wa't wat docht en wat it kostet. Dêrneist is de rol fan de húsdokters net dúdlik.

No't de soarchfersekerder grinzen stelt oan de betelling en kontrakten driget op te sizzen, moat der in helber plan komme. Soarchbelang en de gemeente nimme gjin stelling yn oer wa't gelyk hat, mar wolle graach meiprate oer dat nije plan.

De partijen sille yn septimber mei elkoar om tafel om fierder te praten oer de takomst fan it Dokkumer sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)