Syljacht sinkt by Lauwerseach, opfarrenden rêden

12 aug 2016 - 06:51
  • KNRM  rêdingsboat

Op it Westgat by Lauwerseach is tongersdeitenacht in syljacht sonken, nei't it bûten de farrûte bedarre en mei in klap oan de grûn rûn. De twa opfarrenden binne rêden troch de bemanningsleden fan de rêdingsboaten Willem I, Edzard Jacob en Annie Jacoba Visser.

De rêders besochten earst om it skip fuort te slepen en setten in kollega, in saneamde opstapper, oer op it jacht. Al gau die bliken dat de kyl en in diel fan de sydkant fan de boat troch de klap fuortslein wiene. It skip draaide op de side en de opfarrenden kamen yn it wetter telâne.

In bemanningslid fan de Annie Jacoba Visser sprong yn it wetter om ien fan de opfarrenden, in frou, te befrijen fan in line wêrmei't sy noch fêstsiet oan it skip. De opstapper fûl ek yn it wetter en is der troch de Edzard Jacob út fiske. Dêrnei is noch socht nei it jacht, mar dat wie al sonken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)