UPDATE: Brân yn heaberch by Jirnsumer buorkerij

12 aug 2016 - 06:31

Op in buorkerij oan de Grienedyk by Jirnsum hat freedtemoarn brân west. It fjoer ûntstie yn it hea yn in skuorre op it hiem. De brânwacht rukte manmachtich út om de útslaande brân te bestriden. De bewenners en it fee waarden yn feilichheid brocht.

Om by it fjoer komme te kinnen, waard it hea út de skuorre riden mei in trekker. De brânwacht hie it fjoer binnen in oere ûnder kontrôle. Der kaam wol in soad reek frij. 

Neffens de brânwacht kin troch it neiblussen ek yn de beboude kom fan Akkrum in reeklucht waarnommen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)