Lieke Wevers 20e yn de mearkampfinale

11 aug 2016 - 23:08

Turnster Lieke Wevers fan Sportstêd Hearrenfean is 20e wurden yn de mearkampfinale op de Olympyske Spelen. In bytsje teloarstellend, want Wevers einige yn de kwalifikaasje noch as 12e. Wevers foel fan de balke, wêrtroch't har skoare leech útfoel: 13.066. Op flier (14.133) en sprong (14.066) pakte se in bettere skoare en op de brêge wie se sels hiel goed: 14.600. Omdat oaren ek fouten makken einige se net as lêste. Se helle in skoare fan 55.865.

De oare Nederlanner Eythora Thorsdottir einige as 9e. Se hie in puntetotaal fan 57.632.

Simone Biles fan Amearika pakte sa as ferwachte mei oermacht it goud.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)