"Noch mear dwaan oan otterknyppunten"

Yn Fryslân binne noch ferskate knyppunten dy't oanpakt wurde moatte om foar te kommen dat otters deariden wurde. It giet dêrby bygelyks om de oanlis fan tunnels en oerstekplakken. Neffens Addy de Jongh, direkteur fan Stichting Otterstation Nederland, docht ús provinsje it wat it oplossen fan otterknyppunten oanbelanget better as oare parten fan it lân. Mar der moat noch wol it nedige barre. Der binne de lêste jierren ferskate nije knyppunten by kaam lykas by de Lauwerssee. En ek dy moatte oanpakt wurde.
De Jongh konstatearret lanlik sjoen noch grutte problemen. It ministearje fan ekonomyske saken is dêr as earste ferantwurdlik foar. Mar dat lit it sitte, nettsjinsteande in útspraak fan de rjochter dat de wichtichste knyppunten op 1 maaie fan dit jier oplost wêze moasten. Stichting Otterstation jout it ministearje noch in pear moannen om oarder op saken te stellen. As dat net bart, folget in koart pleit.
It giet wol goed mei de otter yn ús lân, seit de Jongh. Fryslân telt op dit stuit in populaasje fan sa'n 50 otters en lanlik binne der ûngefear 160 teld. Foar in takomstbestindige populaasje binne neffens Stichting Otterstation sa'n 500 bisten nedich.