Pieter-Jan Postma klimt nei fjirde plak

© ANP
Pieter-Jan Postma is op de tredde dei fan syn syltoernoai op de Olympyske Spelen opklommen nei it fjirde plak. Yn race seis waard Postma fyfde. Postma sylde stabyl en sylde hieltyd rûn plakken fjouwer oant en mei sân, mar waard dus fyfde. Klassemintslieder Giles Scott wûn de sechsde race. Postma waard yn race fiif earder tongersdei fjirde.
Postma stie woansdei noch fyftjinde, no is hy fjirde. Der binne no seis fan de alve races syld. Freed is Postma frij.
Tuskenstân nei 6 fan de 11 races:
1 GBR SCOTT Giles
17 3 2 1 11 1 18
2 SLO ZBOGAR Vasilij
3 1 7 10 15 8 29
3 HUN BERECZ Zsombor
9 24 5 12 1 6 33
4 NED POSTMA Pieter-Jan
14 13 12 4 4 5 38
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.