Grutte opkomst boerelunsj: 100 man kinne net mei-ite

11 aug 2016 - 21:00

In soad belangstelling tongersdeitemiddei by in spesjale boerelunsj yn Nijemardum, organisearre troch in groep jonge boeren yn de Súdwesthoeke. It idee wie om ûnder it iten tusken de kij yn de stâl yn petear te kommen mei de konsumint. Dat slagge: mar leafst 250 minsken kamen ôf op de lunsj. Spitigernôch moasten nochris 100 minsken teloarsteld wurde om't der gjin plak mear wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)