Skilders dupearre troch min waar

11 aug 2016 - 20:12

Skildersbedriuwen ha in soad lêst fan de rein. Troch it grutte oantal buien rint hast al it bûtenwurk fertraging op. Guon skilders kinne dit opfange mei binnenwurk, mar de measten kinne dat net. It skildersbedriuw Vriesia út Snits seit dat it goed giet mei de sektor, se ha genôch wurk. Wol rint it bedriuw alle wiken 2500 euro mis omdat wurk útsteld wurdt en skilders nei hûs stjoerd wurde. In opsje soe wêze kinne dat skilders op drûge dagen langer trochwurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)