Pieter-Jan Postma wer stik stabiler

11 aug 2016 - 19:27

Pieter-Jan Postma is wer wat better oan it silen nei in min begjin. Postma waard tongersdei yn de fyfde race fjirde. In kreaze prestaasje, benammen omdat in soad silers út de top fan it klassemint efter him einigen. Postma klimt hjirtroch yn it klassemint fan it 14e nei it 11e plak. Kwa punten krûpt alles yn it klassemint wat tichter byelkoar.

Letter op de dei komt Postma nochris yn aksje op de Olympyske Spelen yn de sechsde race. Der binne yn totaal alve races.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)