"Binnen tsien jier gjin Fryske deiblêden mear op papier"

11 aug 2016 - 18:42

Binnen tsien jier is de papieren ferzje fan de Fryske deiblêden ferdwûn. Dat is de ferwachting fan parlemintêr sjoernalist Klaas Salverda. Hy is de skriuwer fan it boek 'Testament van de pers' dat ynkoarten presintearre wurdt. It boek giet oer it teloargean fan de krante yn ús lân. It binne mear as 13.000 artikels dy't Salverda thús yn Den Haach argivearre. Hy brocht in seleksje werom nei 1000 knipsels en skreau dêr syn fyzje oer.

Yn it boek giet Salverda, in Fries om utens, yn op de takomst fan de krante. Yn de hiele wrâld wurde der minder kranten lêzen, in trend dy't yn de jierren '90 ynsette en de kommende jierren allinnich noch mar slimmer wurde sil. Ek de rol fan de Fryske kranten sa as wy dy no kenne sil gau minder wurde sa tinkt er. It boek leit fan septimber ôf yn de winkels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)