Sam Larsson noch altyd net fit by SC Hearrenfean

11 aug 2016 - 17:47
  • Sam Larsson

Hearrenfeanspiler Sam Larsson is noch altyd net fit genôch om mei te dwaan yn de wedstriid tsjin FC Utrecht. Ferline wike hie Larsson de gryp, no hat hy lêst fan syn ankel. Der geane ek geruchten dat der miskien in transfer oan sit te kommen foar Larsson, mar dat wurdt net befêstige.

Simon Thern en Morten Thorsby sitte beide wer by de seleksje. De Skandinavyske middenfjilders wiene tsjin AZ noch blessearre.

Ferwachte opstelling: Mulder, Marzo, Van Aken, St. Juste, Bijker, Schaars, Namli, Van Amsersfoort, Slagveer, Reza en Zeneli.

De wedstriid SC Hearrenfean-FC Utrecht is freedtejûn live te folgjen op Omrop Fryslân Radio, lykas Cambuur-Jong PSV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)