Twadde edysje Big Taste Festival yn Snits

11 aug 2016 - 17:12
  • It foodtruckfestival fan Snits yn 2015

Yn Snits wurdt dizze simmer foar it twadde jier op rige in foodtruckfestival organisearre. De twadde edysje fan it saneamde Big Taste Festival is fan 19 oant en mei 21 augustus en wurdt hâlden op it parkearplak op de Oppenhuizerwei yn Snits.

Foodtrucks binne de lêste jierren tige populêr wurden foar de catering by muzykfestivals, wêrby't se stribje nei 'ferantwurde en farsk' iten. No't it publyk oan de formule wend is, organisearje se ek har eigen festivals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)