FIDEO: feest foar de Freulewinners yn Menaam
Gewoanwei is it op in simmerjûn yn Menaam rêstich yn 'e strjitten. Woansdei wie dat wol oars. Foar de tredde kear yn 'e histoarje skreaune de jonge keatsers fan Menaam de Freule op harren namme. Dêrom waarden Harmen Schuitmaker, Tom Gerard Cats en Tycho de Groot yn it sintsje setten.