Ynbraak yn telekomwinkel Dokkum
Twa ynbrekkers op in motor hawwe woansdeitenacht ynbrutsen by in telekomwinkel yn Dokkum. It twatal sloech fannacht tusken 1:30 en 2:00 oere it rút fan de winkel yn en naam sa'n fiif mobile telefoans mei. Dêrnei naaiden de twa fertochten út op de motor.
De eigener fan de winkel hat oanjefte dien fan de stellerij.