Hurdfytsers Van Avermaet en Sagan dogge mei oan Eneco Tour

11 aug 2016 - 13:47

Olympysk kampioen Greg van Avermaet en wrâldkampioen Peter Sagan komme nei Boalsert. Beide hurdfytsers steane dêr op 19 septimber oan de start fan de Eneco Tour. In dei earder, op snein 18 septimber, is yn Boalsert de ploegepresintaasje en in grutte fytstoertocht.

De Eneco Tour, de iennichste etappekoers yn de wrâldtoer troch Nederlân en België, duorret in wike. Ferline jier starte de Eneco Tour ek yn Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)