Fytsploech krijt les fan profs

05 maaie 2012 - 16:02

Profhurdfytsers Lieuwe Westra en Pieter Weening hawwe sneon in fyts-clinic jûn oan tsien manlju út Surhústerfean en omkriten. De groep sil yn juny op de fyts de Alpe d'Huez beklimme foar KWF Kankerbestriding. Om dat goed te kinnen binne Westra en Weening frege in fyts-clinic te jaan.

De fytsploech hat oant no ta al sa'n 20.000 euro oan sponsorjild ophelle. De Alpe d'HuZes-tocht is op 6 en 7 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)