Bouplak ûnder wetter set
Op in bouplak oan de Fabriciusleane yn Drachten binne freedtejûn fernielings oanrjochte, mei grutte skea as gefolch. In tsjûge seach twa manlju en in frou by liedings omrinnen. Koart dêrnei spuite rioelwetter yn 'e rûnte.
De plysje ûntduts dat koppelings losmakke wiene, wêrtroch't rioelwetter út de liedings spuite. It hiele bouplak kaam ûnder wetter te stean. Muorren fan in bouput begûnen dêrtroch ôf te brokkeljen. Mei in pomp moast it wetter fan it bouplak fuortpompt wurde.