LTO: ferplicht lânbougrûn frijmeitsje kin net

11 aug 2016 - 12:47

Boeren kinne net ferplichte wurde om 5 prosint fan harren lânbougrûn frij te meitsjen foar greidefûgels. It BFVW wol dizze maatregel yn de wet fêstlizze. Geart Kooistra fan boere-organisaasje LTO seit dat dit net kin. Boeren wolle wol, mar de middelen om it te fergoedzjen, troch bygelyks de provinsje, binne no al net genôch.

Ek it ferplichte karakter sjocht hy net sitten. Kooistra wol dat natuerorganisaasjes, boeren en it BFVW om tafel gean om nije maatregels op papier te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)