Drokte by Swimfun op De Jouwer: besikersstop ynsteld

11 aug 2016 - 12:25

It is op it heden sa drok yn swimbad Swimfun op De Jouwer, dat net elk der samar yn kin. Dat is net ferantwurde mei it each op de feilichheid, seit de direksje fan it swimbad. De teller stiet op goed tûzen swimmers. No't it wat minder moai waar is, sykje minsken nei aktiviteiten binnendoar en dat fernimme se op De Jouwer.

Dêrom hat it swimbad in besikersstop ynsteld: pas as der minsken fuortgean, kinne der wer nije besikers yn. De wachttiid kin oprinne ta in oere, seit Jantinus Hofstra fan Swimfun. "We hawwe de minsken dêr ek oer ynformearre, dus der is wol begryp foar", seit Hofstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)