Oare opset foar Remco Heite skaaktoernoai

It Remco Heite skaaktoernoai krijt tenei in oare opset. It ynternasjonale part, dat om it jier organisearre wurdt, ferdwynt. Dat hat twa redenen: it waard hieltyd dreger om genôch jild by mekoar te krijen en de driuwende krêft, toernoaidirekteur Geurt Gijssen, hâldt der mei op. "Hy wie eins de man mei alle kontakten yn de ynternasjonale skaakwrâld. Hy regele alle toppers", seit foarsitter Henk Feitsma fan it Remco Heite toernoai.
Dat toernoai bestiet no tsien jier. Alle jierren is der in grut skoaltoernoai. Dêrneist wie dus om de twa jier it ynternasjonale toernoai mei grutmasters út de skaakwrâld. "We tinke altiten yn terminen fan tsien jier. Al ús sponsoaren jouwe oan wol troch te gean, mar se wolle benammen it skoaltoernoai stypje", seit Feitsma.
Skoallen
Dêrom wol de organisaasje dat part daliks útwreidzje. "We binne ea begûn mei lessen op skoallen. Dat wolle we breder oppakke. Alle skoallen moatte de opsje ha om skaaklessen fan ús dosinten te krijen", fynt Feitsma.