MS Mode freget ynkoarten fallisemint oan

MS Mode yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Alle Faber
Kleanwinkelketen MS Mode sil ynkoarten fallisemint oanfreegje. Dat befêstigje de bewâldfierders tongersdei. Foar it personiel wurdt ûntslach oanfrege. Der wurkje yn totaal mear as seishûndert meiwurkers by MS Mode. It bedriuw hat winkels yn Ljouwert, Drachten, Snits en op It Hearrenfean.
Utstel fan betelling
Ferline wike frege de kleanwinkelketen al útstel fan betelling oan. Dat útstel waard oanfrege om't de sêfte winter derfoar soarge hie dat der amper klean ferkocht waard. Der wie gjin buffer mear om dy finansjele klap op te fangen