WOZ-wearde wer wat omheech, grutte gemeentlike ferskillen

11 aug 2016 - 09:55

Foar it earst yn jierren is de WOZ-wearde wer wat omheech gien. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Yn Fryslân leit de gemiddelde wearde fan in hûs neffens skatting op 164.000 euro. Dat is tûzen euro mear as ferline jier. De gemeente brûkt de WOZ-wearde om de belesting foar huzebesitters fêst te stellen. Meastentiids folget de WOZ-wearde de ûntwikkeling fan de huzeprizen. Dy prizen gean sûnt ferline jier ek wer omheech.

Eilannen heech  

Yn Fryslân falt op dat de gemiddelde WOZ-wearde op de Waadeilannen it heechst is. Skylge: 295.000, Flylân: 238.000, It Amelân: 222.000 en Skiermûntseach: 234.000.

Noarden en suden

Op fêste wâl is der in ûnderskied tusken it noarden en suden fan de provinsje. Bygelyks Súdwest-Fryslân (175.000) en De Fryske Marren (193.000) lizze heger as Ljouwert (132.000) en Harns (149.000).
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)