Befrijingsfjoer yn Ljouwert

05 maaie 2012 - 14:34

In groep fan tritich hurdrinners út Fryslân is om ien oere sneontemiddei wer yn Ljouwert oankaam mei it befrijingsfjoer. Fannacht om tolve oere is dat fjoer yn Wageningen oanstutsen. Yn estaffettefoarm binne de rinners mei fakkels nei it Aldehoustertsjerkhôf rûn. Op dat plak begûn dêrnei it Fryske befrijingsfestival.

De rinners waarden troch boargemaster Crone en mei in lûd applaus fan taskôgers binnenhelle. De lange rintocht waard foar de sechstjinde kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)