Thewis Hobma wint generale FK fierljeppen

10 aug 2016 - 22:49

Thewis Hobma hat woansdeitejûn de generale foar it FK fierljeppen wûn. De Harnzer wie by de fierljepperij yn Drylts foar it earst dit seizoen de bêste mei in sprong fan 19.73 meter. Hy bleau dêrmei Oane Galama, de regearjend Frysk kampioen, foar. Galama kaam oant 19.61 meter. It tredde plak wie foar Nard Brandsma fan It Heidenskip. Hy sprong in ôfstân fan 19.06 meter.

By de froulju wie de winst foar Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Sy wûn de wedstriid yn 15.08. Bente Vlas fan Heech wie de ferrassende winner by de famkes. Sy ljepte 14.57, wylst de favoryt Sigrid Bokma net fierder kaam as 14.10.

Freark Kramer wûn de wedstriid by de junioaren. De fierljepper fan It Heidenskip kaam oant 17.66. Hy troeve hjirmei yn de finale Rutger Piersma fan Molkwar ôf, dy't yn de foarronde 17.31 ljepte. Ek yn de kategory jonges wie der in ferrassende winner: Jarich Wijnstra fan Tsjom. Hy sprong in ôfstân fan 16.44.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)