Postma wer wat omheech yn klassemint nei fjirde plak yn race

10 aug 2016 - 21:08

Siler Pieter-Jan Postma hat it yn syn fjirde race yn de Finn-klasse op de Olympyske Spelen wat better dien. Hy waard knap fjirde en klimt dêrmei wer wat yn it klassemint. Hy stiet no op it tolfde plak.

Nei teloarstellende prestaasjes yn de earste trije races (Postma waard fjirtjinde, trettjinde en tolfde) stie er op in achttjinde plak yn it klassemint.

It klassemint wurdt no oanfierd troch de Brit Giles Scott.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)