Fryske koks Veenma en Tacoma nei Dútsk kulinêr evenemint

10 aug 2016 - 19:54
  • Hurd wurkje yn de keuken

Koks Jan Veenma fan Brantgum en Bert Tacoma fan Dokkum dogge freed as iennige bûtenlânske dielnimmers mei oan de Laurentiustag der Köche yn it Dútske Fulda. Der dogge sa'n 1200 koks mei oan dit trije dagen duorjende evenemint. De Fryske koks brûke yn har iten lokale produkten, lykas Bonifatiusbier, Fryske krûdkoeke en fleis fan de Klaver Weide. Dêrmei wolle se Noardeast-Fryslân promoatsje. Fulda en Dokkum binne partnerstêden en hâlde tegearre kulturele aktiviteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)