Marrit Steenbergen útskeakele op de Spelen

10 aug 2016 - 19:52
  • Marrit Steenbergen

Marrit Steenbergen mei nei hûs. Op it lêste ûnderdiel wêrop't se yn aksje kaam is se ek útskeakele. Mei de 4x200 meter frije slach estafetteploech helle se de finale net. Se einigen as 14e en moasten by de earste acht einigje en dat wie dus net genôch. Steenbergen moast as earste yn aksje komme en sette in tiid del fan 2.00.80. Dat wie stadiger as de oare Nederlanners: Esmee Vermeulen, Robin Neumann en Andrea Kneppers.

De tiid fan Nederlân wie 7.58.74. De Amerikanen wûnen yn 7.47.77.
Earder waard Steenbergen fjirde mei de estafetteploech op de 4x100 meter frije slach en waard se yn de earste ronde útskeakele op de 200 meter wikselslach.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)