Bouwmeester klimt nei it earste plak

10 aug 2016 - 19:22

Marit Bouwmeester is op de Olympyske Spelen troch in oerwinning yn de fyfde race opklommen nei it earste plak yn it klassemint. De sylster út Warten wûn mei grut ferskil har race, foar de Amerikaanse Page Railey. Har konkurrinten einigen net yn de top, wêrtroch't Bouwmeester ynienen klimt fan it fjirde nei it earste plak. Sa einige de Sinese Xu as 8e en de Belgise Van Acker sels as 16e. Bouwmeester en Xu stean no dield earste.

Letter dizze dei folget noch race 6 (fan de alve).

Tuskenstân nei race 5 (fan de all):

1 CHN XU Lijia
3 38 3 1 8 15
2 NED BOUWMEESTER Marit
6 4 14 4 1 15

3 IRL MURPHY Annalise
1 13 4 7 5 17
4 DEN RINDOM Anne-Marie
5 8 38 3 3 19
5 USA RAILEY Paige
15 2 9 21 2 28

Evi van Acker is no fuortsakke út de top fan it klassemint:
9 BEL VAN ACKER Evi
2 12 2 29 16 40

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)