FIDEO: Koreaanske shorttrackers traine yn Ljouwert

10 aug 2016 - 18:42
  • Nederlânse en Súd-Koreaanse shorttrackers yn de Alvestêdehal

De Nederlânske shorttrackfroulju hawwe woansdeitemiddei tegearre mei de Súd-Koreaanske shorttrackploech in trainingskamp yn Ljouwert ôfwurke. De training yn de Alvestêdehal waard organisearre yn it ramt fan de gearwurkingsoerienkomst tusken de Koreaanske bûn (KSU) en de KNSB.

It doel fan it trainingskamp is om kennis út te wikseljen oer shorttrack. Neffens bûnscoach Jeroen Otter is it wichtich om fan elkoar te learen yn de sport. Dêrby is de konkurrinsje tusken beide ploegen efkes fan lytser belang.

Shorttrackster Jorien ter Mors fynt dat ek: "Troch mei sterke konkurrinten te trainen, wurde je as reedrydster allinnich mar sterker."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)