Fertochte sededelikt Ljouwert wer op frije fuotten

10 aug 2016 - 17:38

De fertochte fan it earnstige sededelikt yn in senioareflat yn Ljouwert is woansdei wer op frije fuotten steld troch de rjochter-kommissaris. De 39-jierrige Ljouwerter wurdt fertocht fan it oantaasten fan in 88-jierrige frou op it Europaplein op 3 augustus. Nettsjinsteande syn frijlitten, bliuwt er wol fertochte yn de saak.

De plysje hâldt woansdei in passante-ûndersyk op it Europaplein. Se hoopje dêrmei mear ynformaasje te krijen oer wat der krekt bard is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)