Kajakker hast yn Fryslân

05 maaie 2012 - 10:48

Brânwachtman Bert Kesimaat fan Ljouwert komt nei ferwachting sneontejûn mei syn kajak oan op De Lemmer. Kesimaat is tiisdei yn Maastricht begûn oan in 400 kilometer lange kajaktocht foar it goede doel. Hy wol sa jild ynsammelje foar ûndersyk nei in seldsume enerzjy-stofwikselingssykte. Syn nichtsje fan 2,5 jier hat dy sykte.

Kesimaat kajakt op it stuit om de Noardeastpolder hinne. Dat soe wolris it dreechste stik wurde kinne fanwege de wyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)