Mear kâns op Europeesk fuotbal

© Omrop Fryslân
De kânsen foar Sportklup Hearrenfean op dielname oan Europeesk fuotbal binne wer wat grutter wurden, no't it fuotbalbûn UEFA in ekstra ticket foar Nederlân beskikber steld hat. Nederlân krijt dat startbewiis foar de hege klassearing op de UEFA Respect Fair Play Ranking. De meast sportive klup krijt it ticket en SC Hearrenfean stiet boppe-oan dy list, mei noch ien wedstryd te gean. Snein spilet SC Hearrenfean de lèste wedstryd tsjin Feyenoord.