Rekôrpoging koarkjebreidzje

dyndoarp
De skoalbern fan de doarpen Wurdum en Swichum hawwe in rekôr koarkjebreidzje delset fan 49 meter en 35 sintimeter. Mear as hûndert bern ha de ôfrûne wike dei en nacht oan it punnikjen west. It wie in ûnderdiel fan it programma 'Doch it foar dyn doarp'.
Doel fan de aksje wie om yn it Guinness Book of Records te kommen. It is foar it earst yn de wrâld dat der in rekôrpoging koarkjebreidzjen dien is. Fraach is no oft dy 49,35 meter offisjeel yn de boeken komt. Der moat noch wol in wike wurke wurde oan de administrative rompslomp.