Trochstart froulju Hearrenfean

04 maaie 2012 - 19:02

De froulju fan Sportklup Hearrenfean kinne takom jier dochs wer meidwaan oan de earedivyzje. Freedtemiddei waard it beslút derfoar naam. Yn april makke Hearrenfean noch bekend dat se gjin jild mear hiene foar de frouljustak fan de sport. Wol stie de klup iepen foar it ferlienen fan in lisinsje.

It frouljusfuotbal wurdt no ûnderbrocht by in nije stichting dy't finansjeel ferantwurdlik wurdt foar de ploech. Der is noch wol hieltyd in finansjeel gat fan sa'n 50 tûzen euro. It bestjoer fan de nije stichting tinkt lykwols dat dit goed komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)