Skier betinkt wol Dútsers

04 maaie 2012 - 17:22

Bewenners fan Skiermûntseach begripe net safolle fan de kommoasje oer de Deadebetinking yn Vorden en op De Dam. Yn Vorden soe ek stilstien wurde by omkommen Dútske militêren. Mar de rjochter hat it gemeentebestjoer ferbean by de Dútske grêven del te gean. Op De Dam yn Amsterdam mocht net in gedicht oer in Nederlânske SS-er foarlêzen wurde.

Op Skiermûntseach wurde lykwols al jierren fjouwer Dútsers betocht, dy't yn de oarloch omkaam binne. It giet om in oanspielde matroas, in piloat en twa soldaten dy't harsels tekoart dien ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)