De Rouwe gjin listlûker

CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan Boalsert docht net mei oan de listlûkersferkiezing fan syn partij. Dat hat er yn goed oerlis mei syn gesin besletten, skriuwt er op Twitter. De Rouwe lit ek witte dat er wol kampanje fiere sil foar de Twadde Keamerferkiezings yn septimber. Hy winsket de kandidaten foar it listlûkerskip in soad súkses.
Der ha har fiif kandidaten melden foar it CDA-liederskip. Dat binne de keamerleden Van Haersma Buma en Van Toorenburg, minister Spies, en de CDA-leden Wintels en Wesselink.