Jong Oranje spilet yn Ljouwert

04 maaie 2012 - 15:17

Jong Oranje spilet yn augustus yn it Ljouwerter Cambuurstadion in oefenwedstryd tsjin Italië. Beide ploegen riede har mei de wedstryd ta op de beslissende faze fan de kwalifikaasje foar it EK fan takom jier. Sawol Jong Oranje as de Italianen steane der goed foar yn de oanrin nei it EK: beide ploegen steane boppe-oan yn har eigen pûl.

Jong Oranje hat fjouwer kear earder yn Ljouwert spile. De lêste kear wie tsjin Syprus yn 1999. De fuotballers wûnen alle fjouwer wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)