Wenarken Hylpen opromme

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn Hylpen binne freed de wenarken fuorthelle dy't by kemping Skulenboarch leine. De fertutearze arken wiene de eardere gemeente Nijefurd al jierren min nei 't sin. Mar gemeente en kempingeigener koene it doedestiids net iens wurde oer nijboulannen foar Skulenboarch.
De oerienstimming koe wol berikt wurde mei de nije gemeente Súdwest-Fryslân. De kemping hat plannen foar 190 fakânsjehûskes en in haven.