Sprekferbod foar grinsrjochter

04 maaie 2012 - 11:53

Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp en syn kollega arbiters dy't aktyf binne op it EK fuotbaljen takom moanne, meie net mear mei de media prate. Dat hat it Europeesk fuotbalbûn UEFA besletten.

De UEFA wol dat de arbiters har folslein konsintreare op it toernoai en hat har dêrom ferbean om foar en wilens it EK mei de parse te praten. Se ha dat te hearren krigen by in fjouwerdaagse ynstruksjebyienkomst yn Warschau. It giet om nij belied, dat hiel strang is. Sels it lytste doarpskrantsje kin gjin ynterview mear krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)