Rivierdyk teste mei nepgolven

04 maaie 2012 - 10:54

By Easterbierrum wurdt freed ûndersyk dien nei it effekt fan weagen op rivierdiken. Mei in spesjaal ûntwikkele apparaat, de golfklapgenerator, wurdt elke tweintich sekonden in bats wetter op de dyk stoart. Sa kin besjoen wurde by hokker belesting it gers op de dyk stikken giet, wêrtroch't dy swakker wurdt en yn it uterste gefal trochbrekke kin.

It stik dyk wurdt beheard troch Wetterskip Fryslân. De proef wurdt dien troch ûndersyksynstitút Deltares. Steatssiktaris Atsma is der ek by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)