Ynbrekker oppakt troch leger

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan in 27-jierrige man sûnder fêst wenplak hat de plysje in grut tal ynbraken oplost. De man wie aktyf yn hiel Nederlân en hat ek sân kear ynbrutsen op It Amelân.
De man waard trapearre yn de bosken by Weert yn Limburch. Dêr soe er in klûs iepenslypje, dy't er earne stellen hie. Militêren, dy't in oefening hâlden yn de bosken, seagen him mei de klûs. Se hâlden him oan en ha him oan de plysje oerdroegen. Ut ûndersyk die bliken dat er rûnom ynbrutsen hie, ûnder oare yn in tal karavans en horekasaken op It Amelân.